Fytser ferwûne nei ûngelok

© Omrop Fryslân
In 50-jierrige fytser út St._Anne is tongersdei by Ingelum swierferwûne rekke by in oanriding. De man fytste oer de Sirtemawei tusken Bitgummole en Marsum, doe´t er skept waard troch in auto. Dy waard bestjoerd troch in frou út Bitgum. Sy helle trije auto´s yn, koe doe de auto net mear yn ´e macht hâlde en botste op de fytser.
It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.