Boatedieven oanhâlden

03 okt 2008 - 10:06

Mei de oanhâlding fan trije minsken út Raard, Ljouwert en Menaam hat de plysje 27 stellerijen fan en út boaten oplost. De manlju hawwe benammen bûtenboardmotors stellen. In tal dêrfan is by de dieven weromfûn. It spul is ûnderwilens al wer werom by de eigners.

De fertochten sitte fêst. De stellerijen soargen foar in soad oerlêst en ûnrêst by boatsjeminsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)