Hynder yn ´e grêft yn Boalsert

03 okt 2008 - 06:26

By it ringriden op Bolletongersdei yn Boalsert is tongersdeitejûn in hynder yn ´e grêft rekke. It waard beriden troch in famke en it rekke troch noch ûnbekende oarsaak by de Broerestrjitte yn it wetter. It famke kaam mei de skrik frij.

It hynder koe net op eigen krêft út it wetter komme, omdat de wâlskant te heech wie. Der moast in takelwein oan te pas komme. Mei help dêrfan is it hynder in oere letter op it droege holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)