SC Hearrenfean troch yn Europa

(foto: Martin de Jong)
SC_Hearrenfean hat tongersdeitejûn de groepsfaze fan de UEFA-Cup berikt. De ploech wûn op eigen fjild mei 5-2 fan Vitória_Setúbal út Portugal. De út-wedstriid twa wiken lyn einige yn 1-1.
SC Hearrenfean kaam yn de earste helte al gau op in 3-0 foarsprong. De Portugezen koene yn ´e twadde helte noch weromkomme ta 4-2. Tarik Elyounoussi joech de genedeklap en makke de 5-2. Hy skoarde krekt lykas Gerald_Sibon twa kear. Paulo Henrique makke it oare doelpunt.