Projekt tsjin analfabetisme

© Omrop Fryslân
Mear as tsien persint fan de Fryske befolking kin net lêze en skriuwe. Harren libben rekket dêrtroch yn in isolemint. Om dêr wat oan te dwaan is der in projekt út_ein_set. Doel is dat skoallen, biblioteken mar benammen ek âlden bern as se jong binne foarlêze en it lêzen befoarderje. Sa kin tefoaren kommen wurde dat se letter achterop reitsje.
Tongersdei wie yn Burgum in sympoasium oer min of hielendal net lêze kinne.