Pigmeat hâldt nei 20 jier op

Sytse Haima en Jan Seunnenga
It Fryske muzykduo Pigmeat hâldt dermei op. Nei 20 jier en goed 2000 optredens hawwe Jan_Seunnenga en Sytse_Haima besletten in punt achter har muzikale gearwurking te setten. Nei eigen sizzen fine se it tiid om nije útdagings oan te gean. Seunnenga is al in skoft dwaande mei in solokarriêre.
Pigmeat sil ein maart takom jier it lêste optreden jaan. It duo waard bekend troch hits as "I Saw The Light" en "Herman Moest Naar Brada" en spile yn binnen- en bûtenlân.