Lân te wiet om te parkearen
Minsken dy´t sneon nei de Nacht fan Boazum komme wolle, kinne it bêste in taksy nimme. Dy oprop docht de organisaasje fan it feest.
De auto´s moatte yn ´e greide parkeard wurde, mar it lân is behoarlik dridzich wurden troch it wiete waar fan de lêste dagen. De kâns is dêrom grut dat de auto´s fêst komme te sitten.