Gemeente H´fean wurdt djoerder

02 okt 2008 - 11:42

Ynwenners fan de gemeente It_Hearrenfean moatte takom jier mear ûnrepliksaakbelesting betelje. De gemeente ferheget it taryf mei sa´n 4 persint. Oare belestingen en tariven gean mei 2 persint omheech, neffens de ynflaasje. De ôffalstoffe- en rioelheffing bliuwe itselde.

Yn ´e nije begrutting stelt it kolleezje fierders 8 ton beskikber foar Caparis. Mei dat jild moatte de ferliezen fan ´e sosjale wurkfoarsjenning fuortwurke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)