Minder wachttiid röntgenfoto´s

02 okt 2008 - 11:05

Pasjinten fan sikehûs De_Sionsberg yn Dokkum hoege tenei minder lang te wachtsjen as se foar röntgenfoto´s nei it sikehûs moatte. De Sionsberg hat in nij foto-apparaat oanskaft, wêrtroch´t de röntgenfoto´s no folle gauwer makke wurde.

Foarhinne moasten pasjinten wachtsje oant de foto´s klear wiene. No kinne de foto´s fuortendaliks besjoen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)