Wurkûnderbrekking Glaverbel

02 okt 2008 - 11:00

As de fakbûnen FNV en CNV tongersdei gjin akkoart berikke mei de direksje fan glêsfabrikant AGC/Glaverbel, dan binne de 100 wurknimmers yn Easterwâlde ree om hurdere aksjes te fieren. Se tinke dêrby oan it langer del lizzen fan it wurk. Dat die earder dy dei bliken by de wurkûnderbrekking by it bedriuw.

De direksje fan it bedriuw wol de meiwurkers yn in oare, legere CAO ûnderbringe as no it gefal is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)