Pinpas stellen mei wikseltrúk

© Omrop Fryslân
In 74-jierrige man út Ysbrechtum is tiisdei yn Snits it slachtoffer wurden fan in wikseltrúk. Hy hie pind by in supermerk. Doe't er wer by syn auto stie, waard er oansprutsen troch in ûnbekende man. Dy liet in twa euromunt sjen en frege de man om te wikseljen.
It slachtoffer die syn beurs iepen, wêrnei't de fertochte der in euro úthelle. Dêrnei naaide de fertochte út. Doe't it slachtoffer wer yn syn beurs seach, kaam hy derachter dat syn pinpas fuort wie.