Frysk mooglik dochs yn grûnwet

Minister Ter_Horst sil opnij sjen nei de mooglikheid om it Frysk yn de grûnwet op te nimmen. Dy opdracht krige se woansdeitejûn fan ´e keamerkommisje Ynlânske Saken. Yn dy kommisje wiene de opposysjepartijen hiel dúdlik: as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dan it Frysk ek.
De trije koalysjepartijen CDA, PvdA en ChristenUnie trunen der by de minister op oan om alle arguminten nochris te besjen en mei in nij foarstel te kommen.