Transportbedriuw wol ferhúzje

© Omrop Fryslân
Transportbedriuw Boonstra yn Haulerwyk tinkt oan in ferhuzing. De dykjes tusken it doarp en de fjouwerbaans diken binne net mear geskikt foar it swiere ferkear. Foaral om yn De Like te kommen is in grut probleem. Transportbedriuw Boonstra hat op dit stuit 125 meiwurkers en 85 frachtweinen troch Nederlân en Europa riden. It bedriuw sit al mear as hûndert jier yn it doarp, mar sjocht no nei oare lokaasjes at de gemeenten en de provinsje net gau wat dogge.