Jongeren te lang yn ynstelling

01 okt 2008 - 19:54

Fryske jongeren bliuwe langer as nedich yn de ferskate jeugdsoarchynstellings sitten. Dit komt troch in gebrek oan wenromte. As se útbehannele binne, dan is der meast net fuortdaliks in wenning beskikber.

Dit is ien fan de grutste oarsaken fan de wachtlisten by de jeugdsoarch. Om it probleem oan te pakken wol de provinsje dat gemeenten en wenningkorporaasjes tenei in tal wenten frijhâlden foar dizze groep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)