Vandenbussche docht gewoan mei

01 okt 2008 - 19:15

Hearrenfeankeeper Brian Vandenbussche stiet tongersdeitejûn yn it duel foar de UEFA Cup tsjin Vitória Setúbal gewoan yn de goal. Ofrûne sneon spile hy net bêst en dus kaam de diskusje oft de nije keeper Kenny Steppe net op de goal moat.

Trainer Trond Sollied wol syn opstelling noch net bekend meitsje, mar de kâns is grut dat Henrico Drost wer op de rjochtsback begjint en dat Paulo Henrique it plak ynnimt fan Tarik Elyounoussi.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)