Skier bliid mei âld beslút

Boargemaster Bert Swart
Skiermûntseach is bliid dat it eilân in pear jier lyn net eigner wurden is fan de feardaam. It eilân krige dat oanbod fan it Ryk, mar nei ûndersyk hat it gemeentebestjoer fan de oerdracht ôfsjoen. De finansjele risiko's wiene te grut. Neffens boargemaster Swart in goed beslút, seker no't it rekkenkeamerrapport fan It Amelân útkaam is.
Amelân is wol eigner fan de feardaam. Dêrtroch sil it yn de takomst mooglik miljoenen betelje moatte foar ûnderhâld.