Undernimmers moatte gearwurkje

01 okt 2008 - 16:30

Undernimmers moatte mear gearwurkje en har oanslute by brânzje-organisaasjes. Dat sei direkteur Emmelkamp woansdei op de Fryske Undernimmerslunch yn Haulerwyk. Foar it earst nei de fúzje fan de Keamer fan Keaphannels fan Fryslân en Grinslân kamen 180 ûndernimmers fan de noardlike provinsjes by elkoar om te netwurkjen.

Foppe_de_Haan hâlde ek in ynlieding. De dielnimmers sammelen 4500 euro yn foar it Foppe Fûns dat de ûntwikkeling fan bern stimulearret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)