KNKB wol groeie en feroarje

KNKB wol keatswedstriden ynkoartsje
It keatsbûn hat in konseptbeliedsplan skreaun. Dat wurdt woansdei oan de leden foarlein. Dat plan azemt ambysje en fernijing. It bûn wol oant 2013 in groei ha fan 5000 leden en yn dat jier soe in haadklassepartij tûzen besikers lûke moatte. Utnoegingspartijen sille neffens it plan ferdwine.
It nije beliedsplan stiet al ûnder de druk want de KNKB hat finansjele problemen. Yn 2009 moat der 90.000 euro besunige wurde. Der kin takom jier net folle dien wurde mei it plan.