Rûnlieding yn âld skoalle

01 okt 2008 - 11:59

De glês-yn-lead-ruten yn de eardere Lânbouskoalle yn Drachten binne ynkoarten wer foar it publyk te sjen. De twa keunstwurken binne makke troch keunstner Theo van Doesburg, dy't yn 1920 mei Mondriaan en Rietveld ta de keunstbegweging De Stijl hearde.

It gebou wurdt no bewenne troch de famylje Volbeda. Dy hat besletten dat ien kear yn de moanne ûnder lieding fan meiwurkers fan Museum Smellingerlân rûnliedings hâlden wurde meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)