APK foar fytsen

APK foar fytsen fan skoalbern
Trije op de fjouwer fytsen fan de Fryske skoalbern foldogge net oan de easken. Derom gie woansdei foar de fjirde kear de Fyts APK fan start op Piter Jelles Junior yn Ljouwert.
Fytsemakker Dechesne keurde de earste fyts mei boargemaster Ferd Crone. In goede fyts krijt in APK-stikker. It neisjen litten fan de fytsen kin net inkeld op skoallen dien wurde, mar ek by in soad fytsemakkers.