Skûtsjes op Burgumermar

Sile yn de Wâlden (foto: Martin de Jong)
Tytsjerksteradiel sil ûndersykje oft der in skûtsjewedstriid komme kin op 'e Burgumermar. Yn 1990 is foar it lêst in wedstriid syld op dy mar. De gemeente wol it skûtsjesilen werom helje nei de Wâlden.
Neffens sportwethâlder Doeke Fokkema komme der suksesfolle skûtsjeskippers út de Wâlden en soe der dus ek in wedstriid komme moatte. In kommisje sil ûndersykje oft in wedstriid yn 2009 of 2010 mooglik is.