Autostunters wol op De Lemmer

© Omrop Fryslân
De autostunters fan Stunt Movie Productions meie tiisdei optrede op De Lemmer. It Dútske selskip krige gjin fergunning fan de gemeente foar in optreden op it iisbaanterrein, mar de rjochter hat tiisdei bepaald dat dat ûnterjocht wie.
De stuntminsken meitsje in toernee by Fryske plakken del. Inkeld fan Lemsterlân krigen se gjin tastimming fanwegen miljeuredenen. De rjochter fûn dat gjin goede reden.