Kramer docht oan shorttrack

© Omrop Fryslân
Sven Kramer hopet mei help fan shorttrack mear suksessen te heljen. De reedrider hat dizze simmer mear wurke oan de technyk yn de bochten en dêrom hat hy mear op de shorttrackbaan riden.
Tiisdeitemiddei wie de presintaasje fan de TVM-ploech fan Sven Kramer. Kramer rjochtet him dit seizoen benammen op it EK Allround op It Hearrenfean en it WK Allround yn Hamar. Ek de WK ôfstannen yn Vancouver binne belangryk.