Ljouwert knapt begraafplak op

30 sep 2008 - 22:14

It âlde stedsbegraafplak yn Ljouwert sil dochs folslein restaurearre wurde. De gemeente stelt 750.000 euro ekstra beskikber foar dit Ryksmonumint. Earder hie de gemeente al 180.000 euro tasein foar it opknappen fan it likehúske op it begraafplak.

It ekstra jild hat de gemeente sammele, troch op rinnende saken te besunigjen. It begraafplak ferlear ferline jier de striid om ien miljoen euro yn it AVRO-programma Restauratie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)