Lemster krijt seis jier sel

De strjitte fan de Lemster stekpartij
In 46-jierrige man út De Lemmer is troch de rjochter ta seis jier sel feroardiele, foar besykjen ta moard. De man hat ein maaie in 41-jierrige plakgenoat delstutsen. It slachtoffer waard meardere kearen rekke yn búk en boarst.
De reden foar de stekpartij leit yn de relasjonele sfear. De rjochtbank fynt dat bewiisd wurde kin dat de dieder fan doel wie om syn slachtoffer om te bringen. De man hie messen by him en himsels fermomd.