Skildersbedriuw nominearre

30 sep 2008 - 12:27

Kranendonk Skilders út Noardwâlde is nominearre foar de Skildersfakpriis 2008. Moandei binne yn Doetinchem de tsien finalisten bekend makke út 42 ynstjoerde projekten. Ein oktober wurdt de priis útrikt. It projekt dat Kranendonk ynbrocht hat is it Librije's Hotel yn Zwolle, in nij hotel yn in eardere finzenis.

Skildersbedriuw Kranendonk hat dat hotel fan binnen en fan bûten ûnder hannen naam en dêrby bepaalde stikken bewust net of hiel rûch skildere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)