Garnalefiskers fiere aksje

Garnalefiskers farre net út
Sa'n tweintich garnalefiskers yn Harns en op Skylge farre dizze wike net út. Se bliuwe oan 'e wâl as protest tsjin de lege priis foar garnalen. De fiskers krije sa'n twa euro foar in kilo garnalen, wylst de konsumint yn de winkel goed trije euro betellet.
De garnalefiskers wegerje noch langer om ûnder de kostpriis te produsearjen en hoopje dat der troch de aksje minder garnalen op de merk komme wêrtroch de prizen foar de fiskers omheech geane.