Opfallende groei Frysk Deiblêd

De Ljouwerter Krante hat yn it twadde fearnsjier fan dit jier sa'n lytse twatûzen abonnees ferlern yn fergelyk mei it earste fearnsjier. Dat docht bliken út de oplagesifers fan alle deiblêden en tiidskriften, dy't tiisdei publisearre binne. It Frysk Deiblêd gie der it 2e fearnsjier mei in lytse 100 nije abonnees op foarút.
De Ljouwerter Krante hat no krekt wat mear as 89.000 beteljende lêzers en by it Frysk Deiblêd stiet de teller op sawat 15.000.