Fernielings skoalle It Fean

© Omrop Fryslân
By in skoalle yn oanbou oan de Dûmny Kingwei op It Hearrenfean binne ôfrûne wykein trije ruten yngoaid mei bakstiennen. Fierder is der in pei (pui) fernield, is der op twa plakken guod yn de brân stutsen en binne der in radio, twa haspels en in tegelsnijer stellen.
In 47-jierrige ynwenner út Mantgum hat út namme fan it dupearre boubedriuw oanjefte dien by de plysje.