Plysje hâldt fytsedieven oan

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat moandei twa fertochten oanholden op fertinking fan stellerij fan fytsen. In Ljouwerter (24) foel moandei op, omdat er gjin kaai yn syn slot fan de fyts hie. Dat betsjut dat der in saneamde loper brûkt is. Moandeitejûn waard noch in Ljouwerter (29) op 'e fyts oanholden, omdat it slot stikken makke wie. De fyts wie stellen.
Beide manlju mochten nei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal it plysjeburo wer ferlitte.