Aldeberkeap fynt poarten werom

29 sep 2008 - 23:09
De Bonifatiustsjerke yn Aldeberkeap

By de Bonifatiustsjerke yn Aldeberkeap hat tiisdeitemoarn in syktocht nei twa poarten yn de muorre om it hôf hinne fertuten dien. No't de muorre om it tsjerkhôf hinne restaurearre wurdt, moatte ek de histoaryske poarten yn eare wersteld wurde.

Mei in graafmasyntsje binne no de fûneminten opsocht. Bewiis dat de tsjerkepoarten der stien hawwe, wie te sjen op in âlde print.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)