Gjin wetter omkriten Boalsert
In lek yn it wetterliedingsysteem hat derfoar soarge dat in grut tal húshâldens yn de omkriten fan Boalsert moandeitemiddei gjin wetter hie. It gebiet tusken De Hommerts en Penjum hie lêst fan de steuring. Tsjin 7 oere jûns wie dy ferholpen.
Even nei fjouweren ûntstie der in lek yn in transportlieding. Dy lieding leveret it hiele gebiet wetter.