Synaeda ek jûns iepen

29 sep 2008 - 13:59

Klanten fan Synaeda dy't behannele wurde yn it psychomedysk sintrum yn Crystalic yn Ljouwert, kinne tenei ek jûns terjochte. De ynstelling hâldt fan woansdei ôf ek in jûnssprekoere.

De Synaeda-festiging yn Crystalic is yn jannewaris iepen gien. Earst wurken der trije psychiaters, mar yntusken binne der ek in psycholooch en in relaasjeterapeut bykommen. Fierder binne der twa ferpleechkundigen oannommen. By de behanneling is in soad omtinken foar bewege en sûn ite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)