Warkumer brêgen ferhege

29 sep 2008 - 13:50

Grutte plesierjachten kinne yn 'e takomst út Warkum wei daliks en sûnder problemen ûnder de brêgen nei de Fryske marren. De gemeente Nijefurd ferheget nammentlik ferskate brêgen oant in hichte fan trije meter.

Warkum set út ein mei de bou fan in nije brêge yn de spoardyk oer de Horsa. Dêr binne no noch twa brêgen: in houten fytsbrêge en in betonnen brêge foar auto's. Wethâlder Sjoers Eiling fan de gemeente Nijefurd is bliid dat it no safier is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)