Fragen oer SNN-subsydzjes

29 sep 2008 - 12:00

De partijen yn Provinsjale Steaten easkje opheldering oer mooglik gesjoemel mei subsydzjes troch Samenwerkingsverband Noord-Nederland SNN. Ofrûne sneon kaam yn it nijs dat it SNN stipe jout oan projekten dy't net oan de regels foldogge.

De noardlike provinsjes soene dêrby oan 'handjeklap' dwaan. As in projekt yn de iene provinsje jild krijt wat it eins net fertsjinnet, dan bart dat ek yn de oare provinsje. Yn Fryslân stiet no de stipe oan Aqua Zoo faai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)