Man (22) komt om by ûngelok

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige man fan De Haule is sneintemiddei yn syn wenplak om it libben kaam nei in iensidich ûngelok oan de Doarpsstrjitte.
It slachtoffer rekke troch noch ûnbekende reden frontaal tsjin in beam. De helpferliening wie gau te plak neidat in omstanner al earste help besocht te jaan. Der is ferskate kearen besocht om it slachtoffer te reanimearjen, mar dat slagge net mear.