Opromaksje op Skylge
140 frijwilligers hawwe sneon en snein op Skylge yn totaal 20 kuub ôffal sammele en ôffierd op it strân fan de Boskplaat, in natoergebiet op it eilân.
It gie om in aksje fan de waadferiening, dy't him soargen makket om de grutte smoargens yn de Noard- en Waadsee. De bisten yn dat wetter kinne der bot lêst fan ha.