Lieuwe Westra wint Wernhout

28 sep 2008 - 20:10

Lieuwe Westra hat sneintemiddei de Ronde fan Wernhout wûn. De hurdfytser fan Mûnein, dy't mei yngong fan 1 jannewaris prof wurdt by Vacansoleil, wûn de sprint nei 90 kilometer fan Boudewijn de Graaff. Dizze twa man wiene yn it lêste rûntsje út in koproep fan njoggen man fuortriden.

Jan Bos fan Nijhoarne waard tredde. Hy wie de rapste fan de sân achterfolgers. Takom wike sneon is foar de measte hurdfytsers de lêste wedstriid fan it seizoen: it NCK yn Hoogezand-Sappemeer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)