Bysûndere bank yn Balk

Balk hat der ôfrûne wike in bysûndere bank bykrigen. De bank hjit 'de balke fan Balk' en is tsien meter lang. De balke stiet symboal foar de balke dy't earder oer rivier de Luts lei.
De balke soarge eartiids foar in wichtige hannelsferbining tusken de doarpen dy't skieden wiene troch it wetter de Luts. Pleatslik Belang 'Balk Vooruit' hat him ynset om dizze spesjale balke fan Balk in moai plak te jaan. Hy leit no by de oanlisstiger foar it F.D. Hoekstraplein oer.