Famke falt fan hynder

© Omrop Fryslân
In famke (14) út Riis is sneon ferwûne rekke nei't se fan har hynder ôf foel. It famke wie mei twa freondinnen oan it riden op de Freule van Swinderenleane doe't it hynder earne fan skrok. It famke foel dêrby al hast fan it hynder om't it bist rûntsjes begûn te draaien.
Se wist der lykwols wer goed op te klimmen, mar op dat stuit sette it hynder ekstra oan en draafde fuort. It famke foel achteroer fan it hynder en rekke ferwûne oan de holle en earmtakke.