Jouster slim mishannele

28 sep 2008 - 14:02

In 20-jierrige ynwenner fan De Jouwer is yn de nacht fan sneon op snein slim mishannele. Hy hie yn in kafee oan de Midstrjitte rúzje krigen mei twa oare manlju. De manlju fan 20 en 21 jier âld sloegen neffens tsjûgen ferskate kearen op it slachtoffer yn.

De fertochten naaiden dêrop út, mar koene letter yn it sintrum dochs noch oanhâlden wurde. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)