Trije talen op basisskoallen

Alex Riemersma
Yn 2030 moatte op de helte fan de Fryske basisskoallen les jûn wurde yn it Ingelsk, Frysk en Nederlânsk. De trijetaligens soe de bern op lettere leeftiid in soad foardiel biede. Dat sei Alex Riemersma fan it ynstitút Mercator sneon by de 63e betinking fan de Slach by Warns.
Dêrfoar moat lykwols noch wol in slach makke wurde. De provinsje wol dat der yn 2012 50 trijetalige skoallen binne, mar yn de ambysje fan Riemersma binne dat der yn 2030 250.