Winst en ferlies Snits

28 sep 2008 - 01:31
Foto: Omrop Fryslân

By it begjin fan de foljebalkompetysje wûnen de froulju fan Snits sneontejûn yn de B-league mei 3-0 fan Lycurgus út Grins. De setstannen: 25-17, 25-18 en 25-22.

De manlju fan Snits dy't ek útkomme yn de B-league ferlearen yn en fan Rijswijk. Hjir wiene de setstannen: 25-16, 25-16 en nochris 25-16.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)