ONS Snits wint mei 4-1
Sneonshaadklasser ONS Snits hat de earste oerwinning fan it seizoen te pakken. Op it eigen fjild waard Staphorst mei 4-1 ferslein. De Snitsers kamen yn de earste helte op in 1-0 efterstân.
Ien minút letter makke Klaas Johan Knevelman de lykmakker. Deselde Knevelman sette ek de 2-1 op it skoareboerd. Nei it skoft soargen Hung Pham en Chalong de Bruin mei twa prachtige doelpunten foar de 4-1 oerwinning fan de Snitsers.