Bernedirekteur Aqua Zoo

Hidde Brouwer (7) direkteur Aqua Zoo
Dieretún Aqua Zoo yn Ljouwert hat in nije bernedirekteur, de 7-jierrige Hidde Brouwer. Dy waard troch in sjuery keazen út trije kandidaten. Hidde krige sneon symboalysk de kaai fan it park. Nije wike moat er syn earste taak útfiere.
Dan is er by in byienkomst fan berne-direkteuren fan de 15 dieretunen dy't oansletten binne by de Nederlandse Vereniging van Dierentuinen. Dan krijt er ek in natuerbehâldprojekt tawiisd, dêr't er him foar ynsette moat.