Botsing mei drank op

27 sep 2008 - 14:59

In dronken automobilist (42) út Hoarnstersweach is freed mei hege snelheid achter op de stilsteande auto fan in frou (20) út De Gordyk botst. Op de Nijewei yn har wenplak soe de frou ôfslaan, doe't se de auto oankommen seach. Se besocht fuort te kommen, mar har auto waard rekke en se gisele de feart yn.

De Hoarnstersweachster stapte út en rûn beljend fuort. In plysje dy't foarby kaam, helle him yn. De frou moast mei fewûnings nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)