Dokkumer falt fan ljedder

27 sep 2008 - 14:01
Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner fan Dokkum is freedtemoarn ferwûne rekke doe't er by syn hûs fan in ljedder foel. De 49-jierrige man wie dwaande mei it himmeljen fan de foargevel, doe't er syn lykwicht ferlear en nei ûnderen foel.

De man is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)