Fakkeljûn Drylts slút seizoen

Mei in fakkeljûn hat Drylts freed it rekreaasjeseizoen ôfsletten. De strjitlantearnen yn it sintrum wiene útskeakele, want mear as trijetûzen kearskes, fakkels en waksineljochtsjes soargen foar de ferljochting.
De VVV yn Wymbritseradiel sjocht mei mingde gefoelens werom op it toeritysk seizoen. Fanwege it wikselfallige simmerwaar bleau it tal boaten dat de stêd oandie gelyk oan foargeande jierren. Stedskuiers troch it sintrum lûke wol folle mear besikers.