CD makke foar It Fliet

27 sep 2008 - 11:19

De Stichting Multifunctioneel Complex It Fliet yn Wytmarsum besiket mei de ferkeap fan in CD jild byelkoar te krijen foar de bou fan it sintrum. It earste eksimplaar fan de CD wurdt nije wike sneon presinteard.

De CD is opnaam yn in pleatslike studio, dy betellet ek de kosten fan it meitsjen. De nûmers op de CD binne skreaun troch Boudewijn en Wim Beckers. Dy lêste spilet ek yn de band dy't de nûmers op de CD útfiert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)