Fryske direkteur kuorbalferbûn

27 sep 2008 - 10:08

Jaap Broersma út Drachten wurdt direkteur fan it KNKV, it Koninklijk Nederlands Korfbal Verbond. Broersma wie al lid fan it algemien bestjoer fan it KNKV, ek is er foarsitter fan it distrikt Noard fan de kuorbalorganisaasje. Earder wie hy njoggen jier foarsitter fan kuorbalferiening Drachten.

Jaap Broersma is 55 jier. Hy begjint op 1 oktober mei syn nije wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)